Skylge krijt twa gemalen

28 apr 2010 - 15:04
  • (argyffoto)

Op Skylge is woansdei it offisjele startsein jûn foar de bou fan twa gemalen. Dy komme by Kinnum en Lies. De gemalen moatte der foar soargje dat de polder fan Skylge net wer ûnder wetter rinne kin. No kin de polder allinnich ôfwetterje, as it op see leechwetter is. As der winters in soad wetter falt, is dat net altyd genôch en rinne parten fan de polder ûnder wetter.

De bou moat yn novimber klear wêze. It binne de earste gemalen op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)