Skylge krijt alderearste Nederlânske Dark Sky Park

26 jun 2015 - 13:59

Natoergebiet De Boskplaat op Skylge is útroppen ta it earste Dark Sky Park fan Nederlân. Dat predikaat is takend troch de 'International Dark Sky Association'. In Dark Sky Park is in gebiet dêr't it nachts hielendal tsjuster is en dêr't de stjerren en planeten goed te sjen binne.

De Boskplaat is al 45 jier in Europeesk natoerreservaat. It buertskip 'De Buorlju fan Easterein', Steatsboskbehear en Skylger ûndernimmer Melis de Vries hawwe begjin 2015 no ek it predikaat 'Dark Sky Park' oanfrege, en dat is no dus offisjeel takend.

Mooglik wurdt Nasjonaal Park Lauwersmar folgjend jier it twadde Dark Sky Park yn Nederlân. Op it terrein fan Steatsboskbehear yn Lauwerseach is foarige wike al in ljochtmeter delset, om te mjitten hoefolle stjerren der te sjen binne.

Der sil dan ek ûndersocht wurde hokker ljochtboarnen yn Lauwerseach noch oanpakt wurde moatte om in Dark Sky Park wurde te kinnen.

Yn de wrâld binne yn totaal tweintich Dark Sky Parken. Dy fan Ierlân is it tichtste by.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)