Skylge kin skea noch net oersjen

02 nov 2000 - 12:20

Skylge is drok dwaande om alle skea fan de stoarm yn kaart te bringen. Dat falt noch net ta, want it waar is noch altiten min en guon huzen steane noch mei de fuotten yn it wetter.

De ôfrûne nacht hat it wer tongere op it eilân. Yn West-Skylge is de wjerljocht ynslein. De tillefoansintrale fan it gemeentehûs rekke beskeadige en de kabeltrochjefte wie dreech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)