Skylge keapet bouterrein

01 apr 2003 - 00:00

De gemeenteried fan Skylge hat ynstimd mei de oankeap fan in eardere diskoteek mei wenhús oan de Waadsee. Nei alle gedachten komt dêr it nije Sintrum foar Natuer en Lânskip. Op it plak fan it hjoeddeistige sintrum yn West kinne dan wenten boud wurde. Of eventueel in nij gemeentehûs, mar dat is minder wis.

Op it eilân is in soad ferlet fan nije wenten. De VVD en Pleatslik belang wiene tsjin de oankeap. De partijen fine it finansjele risiko te grut.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)