Skylge hopet op mear huzen

29 aug 2001 - 00:00

De gemeente Skylge hâldt goede hoop in ekstra kontingent wenten tawiisd te krijen fan de provinsje. Skylge mei de kommende tsien jier 215 wenten bouwe, mar wol graach 285 delsette.

Op it eilân is grutte wenningneed. Op dit stuit sykje 400 minsken om wenrom- te. De polityk op Skylge is it noch net iens oer de lokaasje dêr't boud wurde moat. Dêr wurdt noch fierder oer praat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)