Skylge hat twa nije gemalen

22 nov 2010 - 15:48
  • Skylge moat betiden muoite dwaan it droech te hâlden

Skylge hâldt yn alle gefallen de kommende tsien jier droege fuotten. Op it eilân binne moandei twa nije gemalen en de fersterking fan de seedyk oplevere. Dykgraaf Van Erkelens iepene ien fan gemalen, dat by Lies. It oare stiet by Kinnum.

Der binne net allinne twa nije gemalen boud, in part fan 'e Waadseedyk is ek fernijd. It giet al mei al om in stik dyk fan goed fjouwer kilometer. Beide projekten hawwe mei-elkoar goed 7 miljoen euro koste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)