Skylge groeit troch sânbanken

10 okt 2014 - 11:48
  • De Brandaris op Skylge

Skylge liket ynkoarten in stik grutter te wurden oan de noardwestkant. By de Noordsvaarder leit in grutte sânbank foar de kust dy't hieltyd tichter by it eilân komt. Joeri Lamers fan Steatsboskbehear neamt it ien fan de grutste lânskipsfoarmjende prosessen yn Nederlân. En de natoer docht it allegear sels.

Der sit noch tsjien meter tusken de sânbank en it eilân. En efter dy sânbank leit noch in sânbank klear. Dit soarget foar mear romte foar fûgels en seehûnen om te rêsten. Boppedat is it goed briedgebiet foar seldsume fûgels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)