Skylge: gjin drank mei skelter

05 jul 2014 - 15:03
  • De haven fan Skylge

De plysje op Skylge kontrolearret dizze simmer bern dy't mei de skelter boadskippen ferfiere. Doel is om te foarkommen dat se drank meinimme. Nije wetjouwing makket dat bern ûnder de 18 gjin drank mear by har hawwe meie. As bern dat wol hawwe, dan wurdt der kontakt opnaam mei har âlden. Mochten se de drank keapje yn opdracht fan jongeren, dan krije dy in boete.

It is op Skylge tradysje dat bern tsjin in lytse fergoeding boadskippen besoargje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)