Skylge: gjin boerd oer seehûn

03 feb 2014 - 20:58
  • Seehûnekresj Pieterburen

Op Skylge komme gjin tekstbuorden om toeristen te warskôgjen foar en te ynformearjen oer seehûnen op it eilân. Dat skriuwe b. en w. fan it eilân yn antwurd op in brief fan de seehûnekresj fan Pieterburen.

B. en w. fine dat der folle bettere metoaden binne om it publyk oer de seehûnen te ynformearjen, bygelyks fia de media of mei folders by de Brune Float of by strânpaviljoens. By seehûne-ekskurzjes kin ek ynformaasje jûn wurde. It bart mei hurde wyn wolris dat seehûnen mei jongen ticht by de dyk lizze.

Dan wurde al tydlike buordsjes ophongen, om te warskôgjen. Dat is goedkeaper en better as permaninte buorden, sa sizze boargemaster en wethâlders.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)