Skylge gjin berteplak mear

13 jan 2011 - 17:26

Paspoarten mei dêryn berteplak Skylge lykje fan 1 jannewaris ôf skiednis. Húsdokters op it waadeilân stean thúsbefallings net mear ta. De risiko's foar mem en bern soene te grut wêze.

Elk jier befalle goed 50 eilanner froulju. Trijekwart dêrfan giet dêrfoar al nei it sikehûs op de fêste wâl. Mooglik dat ek dêrom de Skylger húsdokters noch net in soad klachten krigen ha oer it ferbieden fan de thúsbefallings.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)