Skylge gek op sinne-enerzjy

08 okt 2012 - 21:00

Der is in soad belangstelling op Skylge foar sinne-enerzjy. Nei in oprop fan de SEM, de Schylger Energie Maatschappij, om kante meters lân of dak beskikber te stellen foar sinnepanielen, reinde it reaksjes. It stribjen is om Skylge yn 2020 selsfoarsjennend wêze te litten op it mêd fan elektrisiteit. Dêrfoar moat der ien hektare oan sinnepanielen komme. Dat oantal liket mear as helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)