Skylge: EVT is 'sinleas'

18 aug 2008 - 15:31
  • De gemeente is net bliid mei de EVT

In sinlease ûndernimming. Sa neamt loko-boargemaster Willem Heere fan Skylge de nije Eigen Veerdienst Terschelling EVT. Moandei gie de nije feartsjinst fan Skylger ûndernimmers los. De EVT wol mear ynspraak fan eilanners en tinkt ek dat de kaartsjes by Doeksen te djoer binne.

De EVT beskuldiget de gemeente en rederij Doeksen fan tsjinwurking. Mar dat de gemeente de EVT net oan oanlisgelegenheid helpt, komt omdat dêr gjin romte foar is yn de haven.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)