Skylge: behear Boschplaat besjen

06 nov 2006 - 07:28

Skylge is benaud dat de Boschplaat ferdwynt. Fan it natuergebiet oan de eastkant fan it eilân binne by de stoarm fan 1 novimber flinke stikken fuortslein. By eardere stoarmen barde dat ek al.

Skylge wol op koarte termyn de oanpak fan Rykswettersteat evaluearje. Rykswettersteat lit op dit stuit de natuer syn gong gean. Neat dwaan is it begjin fan de ein fan de Boschplaat, seit boargemaster Visser fan Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)