Skylge: auto's op biodisel

16 nov 2005 - 12:15

De gemeente Skylge wol ûndersykje oft it mooglik is om de gemeentlike auto's op alternative brânstof ride te litten. Tiisdei hat de ried in moasje fan de PvdA dêroer oannommen. Tocht wurdt oan biodisel of ierdgas. Sa moat de útstjit fan skealike stoffen beheind wurde.

De ried wol oare organisaasjes op it eilân lykas Staatsbosbeheer, busmaatskippij Arriva en rederij Doeksen by it inisjatyf belûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)