Skyldpodsje-sykjes yn sintrum Ljouwert

17 apr 2016 - 21:53
  • Skyldpodsjes op de Foarstreek yn Ljouwert

Winkelju yn Ljouwert sette skyldpodsjes yn om de winkels libbendiger te meitsjen en de oandacht fan de leechstân ôf te lieden. Gjin echte skyldpodsjes, mar keunst-eksimplaren. Dy lizze yn de winkels en minsken dy't wat keapje, kinne se sykje. As de klant ien fynt, lit er syn gegevens achter en ien kear yn de moanne wurdt dêr in winner út lutsen.

De skyldpodsjes binne makke troch keunstners Joris Collier en Gerdie de Jong. De winkels sitte ûnder oare op de Foarstreek, de Tunen en yn de Sint Jabiksstrjitte. De ludike aksje begjint op 1 maaie.

Fan de tocht fan de skyldpodjes troch Ljouwert is in animaasjefilmke makke. De aksje rint in moanne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)