Skyldpod Aukje wer boppe wetter

27 maaie 2003 - 00:00

De skyldpod Aukje is nei in jier wer weromfûn. It bist siet yn de fiver fan de binnentún fan it Frysk Natuermuseum yn Ljouwert. Aukje ferdwûn ferline jier maaie en nettsjinsteande ferskate sykaksjes waard se net weromsjoen.

Fanwegen de ferbouwing fan it museum hellen boufakkers de fiver leech. Op de boaiem fûnen se de skyldpod. It bist is sûn en oerbrocht nei in bak dêr't se net sa maklik wer út kin. Aukje is in bysûndere Sineeske 'weekschildpad'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)