Skutters sykje kollega's

05 aug 2006 - 14:44

De tradysje fan it sjitten mei it kanon op it bolwurk yn Sleat komt yn gefaar. De skutterij yn Sleat is eins te lyts om ek yn de fakânsjeperioade troch te gean. No wurdt der yn de simmermoannen noch 7 kear sketten. Der binne al ferskate kearen oproppen dien foar nije leden, mar dat hat net safolle opsmiten.

De measte skutters komme no al fan bûten de stêd. Der binne no 9 skutters mar it bestjoer wol graach 14 hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)