Skutter noch altyd yn Dútslân

11 feb 2008 - 11:36

De fertochte fan de sjitpartijen yn Koatstertille en De Harkema sit noch altyd fêst yn Dútslân. Justysje ferwachtet moandei útslútsel te krijen oer de útlevering fan de fertochte nei Nederlân.

De 43-jierrrige Harkemaster wurdt fertocht fan it deasjitten fan de 36-jierrige Murkje de Vries út Koatstertille op 2 febrewaris. Earder dy nacht skeat hy ek twa plakgenoaten del, ien man rekke swier ferwûne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)