Skûtsjestichting hâldt op

30 jan 2014 - 10:39
  • Skûtsje Boalsert

De stichting achter it Boalserter skûtsje hâldt op te bestean. It bestjoer hat dat besletten nei oerlis mei de famylje Meeter, dy't mei it skûtsje útkomt yn de SKS. De Meeters wolle net mear foar Boalsert farre, mar sille dat fan no ôf ûnder harren eigen namme dwaan.

Neffens it bestjoer wie it net mooglik om de famylje Meeter op oare gedachten te bringen. De stichting draacht syn taak no oer oan in nij op te rjochtsjen stichting, dy't dêrmei it behear oer it skûtsje krijt. Yn de nije stichting sit ûnder oare Eildert Meeter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)