Skûtsjesilen stillein

24 jul 2013 - 16:08
  • SKS Skûtsjesilen Earnewâld 2013

It skûtsjesilen op de Snitsermar by Terherne is woansdei stillein, omdat der te min wyn stiet. De skûtsjes soene in sânglêsrûte farre en giene ek fan start, mar it waard ien grutte driuwpartij.

De skraste wedstriid wurdt nije wike tiisdeitemoarn ynhelle by Wâldsein. De skippers en de bemanningen krije it dy dei drok, want nije wike tiisdeitemiddei moat ek noch in wedstriid ynhelle wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)