Skûtsjes SKS net tsjin IFKS

16 apr 2009 - 16:23
  • SKS-skûtsjes op de Langwarder Wielen

Skûtsjes fan de SKS meie takom wykein net sile tsjin de kollega's fan de IFKS op de Langwarder Wielen. Sa hat it bestjoer fan de SKS besletten. De wedstryd soe by har net oanmeld wêze. En dêrom lûke se har skûtsjes werom. Boppedat fynt de SKS dat der al genôch wedstriden binne.

De silerij by Langwar giet sneon en snein wol troch. Der binne ekstra skûtsjes fan de IFKS frege om mei te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)