Skûtsjes op wei nei Amsterdam

30 jan 2002 - 00:00

Tsien skûtsjes fleure de keninklike brulloft sneon op yn Amsterdam. Fanwege de hurde wyn binne woansdei al in pear op 'en paad gien. Yn in sleep binne fjouwer skippen fanút de slûs by De Lemmer fuortgien.

Fan it plan om oer De Iselmar te gean is ek fanwegen de wyn ôfsjoen. De tradisjonele skûtsjes komme oan it Rokin yn it sintrum fan de haadstêd te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)