Skûtsjes oankaam yn Grou

12 jul 2002 - 00:00

Alle fjirtjin skûtsjes fan 'e SKS binne freed yn Grou oankaam. Sneon begjint dêr it skûtsjesilen. De skippen moasten noch foar in lêste keuring en binne dêr sûnder swierrichheden trochhinne kaam.

Der binne dit jier twa nije skippers yn 'e float. Op 'e Jouwer falt Baint Kramer yn foar de krekt operearre Peter Syperda en Douwe Visser is de nije man foar Drachten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)