Skûtsjes nei New York

17 aug 2009 - 13:50
  • Klear foar de grutte reis (foto: Martin de Jong)

Yn de haven fan Harns waarden moandei tweintich âlde skippen op in 120 meter lange kustfarder Flinterduin laden. De skûtsjes, aken en jachten wurde nei New York ferfierd. De seereis duorret tsien oant fjirtjin dagen. De âlde skippen komme yn de Hudson te lizzen.

Yn New York wurdt takom moanne wiidweidich betocht dat Henry Hudson 400 jier lyn mei in VOC skip de Hudson opkaam. Dêrnei ûntstie Nieuw Amsterdam, it hjoeddeistige New York. In Fryske delegaasje is ek oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)