Skûtsjes nei New York

23 jun 2009 - 17:21

Tweintich âlde boaten sille yn augustus mei in frachtskip nei New York ferskippe wurde. It giet om aken, botters en skûtsjes. De skippen sille meifarre yn de aktiviteiten om it 400-jierrige bestean fan de stêd hinne.

Yn de earste wike fan septimber sille de boaten wedstriden farre op histoarysk wedstriidwetter lykas om it frijheidsbyld hinne. Alle skippers hawwe sponsors fûn foar de reis, se sille mei dizze sponsors ek yn New York farre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)