Skûtsjemuseum siket rûnhouten foar nije útstalling

20 jan 2016 - 16:28
  • Skûtsjemuseum yn Earnewâld

It skûtsjemuseum yn Earnewâld is op syk nei âlde rûnhouten fan skûtsjes. It giet om alle rûnhouten dy't oan board brûkt wurde, lykas de gyk, de fokkeloet en de peilstôk. Mei dizze rûnhouten wol it museum in nije útstalling ynrjochtsje.

Ek as it hout brutsen is, hat it museum der belangstelling foar. "Dan kinne minsken moai sjen hoe't de foarwerpen der oan de binnenkant útsjogge. Minsken dy't farre, dy witte dat wol, mar it grutste part fan de besikers is ûnnoazel op it gebiet fan skippen", seit Harm de Vlas fan it skûtsjemuseum.

Der komme alle jierren sa'n 5.000 minsken nei it skûtsjemuseum yn Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)