Skûtsjemuseum ferwachtet dit jier de 100.000ste besiker

20 apr 2015 - 11:07
  • Skûtsjemuseum yn Earnewâld

It skûtsjemuseum yn Earnewâld ferwachtet dit jier de 100-tûzenste besiker. Dat is in mylpeal yn it 16-jierrich bestean fan it museum. Harm de Vlas fan it museum fertelde dat moandeitemoarn oan Arjen Overmaat yn it Omrop Fryslân programma Muzyk yn Bedriuw. It skûtsjemuseum wie it bedriuw fan de dei.

Meiwurkers binne op dit stuit drok dwaande om alles yn it museum klear te meitsjen foar it nije seizoen. Kommende sneon sil it museum wer iepen. Der komme jierliks sa'n 6.000 besikers. It is net bekend wannear't de 100-tûzenste besiker komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)