Skûtsjefeest giet wol troch

24 jul 2007 - 15:55

It Skûtsjefeest yn Earnewâld giet troch, ek al wurdt der net syld. De festiviteiten stiene faai om't de gemeente earst gjin grien ljocht jaan woe. Op it lêste momint is tastimming jûn.

Yn in dei tiid is in feesttinte opset, dy't ferstevige is tsjin de hurde wyn. It feest begjint om seis oere. De optredende artysten binne Tjeerd, Lytse Hille en Griet Wiersma. As it nedich is, kin it ek noch yn in seal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)