Skûtsjeargiven nei Tresoar

05 des 2006 - 12:40

De wichtichste skûtsjeargiven binne mei koarten te besjen yn histoarysk sintrum Tresoar yn Ljouwert. It giet ûnder oare om de argiven fan de SKS en argiven oer de bou fan skûtsjes. Se wurde better tagonklik en foar in part digitalisearre.

Se steane no op ferskate plakken yn en bûten de provinsje en dat makket it dreech om ûndersyk te dwaan. In grut diel fan de SKS-kolleksje stiet no by it skipfeartmuseum yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)