Skûtsje Snits wint by Langwar

02 aug 2012 - 17:04
  • SKS Skûtsjesilen

Nei in moaie wedstriid op de Langwarder Wielen by Langwar is Snits as earste oer de finish kaam. It skûtsje fan Douwe Visser, dat woansdei by Terherne noch averij oprûn, wie tongersdei it skûtsje dat yn it twadde krúsrek in ynhelslach makke en twadde kaam te lizzen. In rûte letter naam Snits de lieding oer fan Drachten. De Snitsers soene dy posysje net mear út hannen jaan. Albert Visser fan Drachten waard twadde en Boalsert tredde.

It skûtsje fan Langwar sloech op it eigen wetter om en de Súdwesthoeke ferliet de striid mei averij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)