Skûtsje mei tolve minsken omslein by Earnewâld

04 sep 2015 - 12:51

Op de Oksepoel by Earnewâld is freed in skûtsje omslein. Der wienen tolve minsken oan board, en guon dêrfan rekken yn it wetter. Der wienen noch trije oare skûtsjes yn de buert, dus de drinkelingen koenen gau út it wetter holpen wurde. Der is net ien ferwûne rekke. It skûtsje is yntusken wer oerein lutsen, en mei de skea falt it ta. Al binne der nei alle gedachten wol in pear mobyltsjes sneuvele.

It waaide freed hurd by Earnewâld. Neffens tsjûgen sloech it skûtsje om troch in hurde wynflaach.

De brânwacht rukte út mei ferskate boaten, mar foardat dy der wienen, wienen de drinkelingen al út it wetter helle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)