Skûtsje mei gasten omslein

03 maaie 2014 - 16:06
  • Plysje

Op it wetter by It Heidenskip is sneontemiddei in skûtsje omslein. Op it skûtsje sieten trije bemanningsleden en tolve gasten. Dy rekken allegear yn it wetter. Bemanningsleden fan boaten yn 'e buert hawwe harren derút útfiske. Gjinien rekke ferwûne.

It skûtsje leit noch hieltyd om yn it wetter. It is net dúdlik hoe't it skûtsje omslaan koe. De plysje docht dêr op dit stuit ûndersyk nei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)