Skûtsje Grou wint thúswedstriid yn SKS

18 jul 2015 - 16:20
  • Skûtsjesilen

It skûtsje fan Grou hat sneontemiddei de earste wedstriid fan it SKS skûtsjesilen wûn. It wie foar skipper Douwe Visser fan Doarp Grou in thúswedstriid. De kampioen fan ferline jier bleau op de Pikmar en de Wide Ie it skûtsje Oeral Thús fan De Jouwer mei skipper Dirk Jan Reijenga foar.

De Twee Gebroeders fan Langwar fan Johannes Meeter waard tredde. Moandei is de folgjende wedstriid. Dan wurdt der syld op De Feanhoop.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)