Skûtsje fart mêst stikken

06 maaie 2007 - 15:10

De mêst fan it Grouster SKS-skûtsje is sneontejûn kapotfearn op in fytsbrêge yn Grou. De bemanning hie krekt te ploechjesilen west en soe nei de werf ta. De fytsbrêge yn 'e J.W. de Visserwei wurdt mei in knop betsjinne fan it wetter ôf.

De bemanning fan in kruser hie de knop al yndrukt. Doe't it skûtsje by de brêge kaam, gie dy al wer ticht. Dêrtroch rekke de ferstaging fêst yn de brêge en bruts de mêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)