Skûtsje Eastermar presintearre

25 aug 2007 - 10:22

It skûtsje fan it doarp Eastermar is freed offisjeel presintearre oan alle sponsors fan it skip. It skûtsje die dit jier foar it earst mei oan de silerij yn de IFKS. Omdat it skip yn eigendom is fan de famylje Tadema binne der sponsors nedich om it skûtsje te ûnderhâlden.

Doutzen Kroes BV is ien fan de opfallendste sponsors. It ynternasjonale topmodel is berne yn Eastermar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)