Skûtsje Drachten hast om

29 jul 2013 - 14:43
  • Skûtsje Drachten hast om

It skûtsje fan Drachten is moandeitemiddei út de wedstriid by Wâldsein gien nei in oanfarring mei it skûtsje fan It Hearrenfean. By it oerstaach gean gie it Drachtster skûtsje troch de hurde wyn hast om. De mêst kaam op it skûtsje fan Hearrenfean te lizzen. Dêrnei kaam it Drachtster skûtsje wer oerein.

It Hearrenfean kaam mei de skrik frij, mar moast wol in ekstra rûntsje meitsje om wer yn de wedstriid te kommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)