Skûtsje Akkrum út de wedstriid

22 jul 2014 - 14:55

It skûtsje fan Akkrum fan skipper Pieter Meeter is tiisdei oan it begjin fan de wedstriid by Earnewâld al út de striid rekke. It helmhout fan it skûtsje is stikkenfard. Dat kaam troch in botsing mei it skûtsje fan Ljouwert mei dêrop syn broer Siete Meeter as skipper. Akkrum moast it túch sakje litte en de striid opjaan omdat it net mear stjoere koe. It skûtsje is troch de kommisje út it wedstriidwetter helle.

Akkrum hat protest yntsjinne tsjin it skûtsje fan Ljouwert. De bruorren Meeter stean tiisdeitejûn tegearre foar de protestkommisje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)