Skurft ûnder kontrôle yn Dokkum

01 aug 2006 - 16:46

De hûdsykte rude, oftewol skurft, yn soarchsintrum Dongeradiel yn Dokkum is ûnder kontrôle. De ôfrûne moanne binne 400 minsken preventyf inte. Op it stuit ha noch fjouwer minsken klachten. Dy krije in neibehanneling. Dêrnei moatte de problemen neffens sûnenstsjinst GGD foarby wêze.

Minsken mei skurft ha foaral lêst fan in soad jûkte op 'e hûd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)