Skurft konstatearre yn Dokkum

22 jun 2006 - 21:55

By soarchsintrum Dongeraheem yn Dokkum is rude (skurft) konstatearre. In pear bewenners binne mei dizze hûdsykte besmet. Rude is net gefaarlik, mar pasjinten kinne wol flink lêst krije fan jûkte.

De belutsen personielsleden, bewenners, famyljeleden en besikers binne yntusken op de hichte brocht. GGD Fryslân ûndersiket de klachten op it stuit. Dêrnei wurdt yn gearwurking mei Dongeraheem in behannelplan makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)