Skuorren by Aldehoustertsjerkhôf

15 mrt 2006 - 16:16

De maatregels dy't de gemeente nimt tsjin it fersakjen fan de Aldehou binne basearre op skuorren yn oare gebouwen om it tsjerkehôf hinne. De gemeente wol net dat de Aldehou der aanst like slim oan ta is as bygelyks Bellevue of de Brasserie. Dy gebouwen rinne no gjin risiko mear.

De gemeente is eigner fan museum It Prinsessehôf, dêr't ek skuorren binne. Foardiel foar it museum is dat de gemeente de fersekering ôfhannelje moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)