Skuorre útbaarnd yn Nijemardum

21 aug 2006 - 15:31

Yn Nijemardum is moandeitemoarn in skuorre útbaarnd. De skuorre stie achter in wenning oan de Nije Amerika. In 45-jierrige buertbewenner waard wekker fan inkele knallen. De man seach dat de skuorre fan syn 72- jierrige bourfrou yn de brân stie. De brânwacht wie der gau by, mar koe net foarkomme dat de skuorre ferlern gie.

By de brân is nei alle gedachten asbest frijkommen. De technyske resjerzje stelt in ûndersyk yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)