Skuorkes yn twa feandiken

01 sep 2003 - 00:00

Op fersyk fan wetterskip Boarn en Klif binne twa paden sletten fanwege skuorkes yn feandiken. It giet om in fytspaad by Goaiïngaryp en in B-dyk by Gersleat.

De skuorkes binne ûntdutsen by kontrôle. It wetterskip wol gjin inkeld risiko fan ferkearsûngemakken nimme en hat de diken dêrom ôfsletten. It oerkoepeljende wetterskip Fryslân seit dat der fierders net in soad problemen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)