Skuorke oarsaak ûntploffing

25 jun 2003 - 00:00

In skuorke yn de gastank hat nei alle gedachten de oarsaak west fan de ûntploffing op it charterskip Hollandia. By de eksploazje ferline wike yn Harns rekken fjouwer minsken ferwûne. Tichtby de haven eksplodearre der wat yn de masinekeamer. Der wienen tweintich passazjiers oan board.

De wetterplysje fan Harns en skipfeartynspeksje ha ûndersyk dien nei de ûntploffing. Tsjin de skipper is proses ferbaal opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)