Skuonnedief oppakt yn Ljouwert

29 mrt 2011 - 10:45

By in winkel oan de Centrale yn Ljouwert is moandei in man út Burgum oanhâlden fanwege winkelstellerij mei geweld. De man hie besocht skuon mei te nimmen sûnder te beteljen. Doe't er betrape waard, fersette er him en skopte er it personiel.

In plysjeman dy't frij hie, seach dat de man besocht út te naaien en hat him oanhâlden, en letter oan kollega's oerdroegen. De man is fêstset op it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)