Skulpefiskerij mei noch net

16 apr 2002 - 00:00

Skulpefiskers út Harns kinne it Waad noch net op. De fiskers woene dizze wike útfarre. Se ha hjirfoar in fergunning, mar de natuerbeskermingswet seit dat miljeu-organisaasjes earst noch de mooglikheid krije om beswier te meitsjen.

Dizze perioade duorret in pear wike sadat de fiskers pas op 4 maaie op skulpejacht meie. De fiskers binne it dêr net mei iens.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)