Skuldmjitte noch net dúdlik

25 okt 2013 - 15:58

De mjitte fan skuld fan de 38-jierrige fertochte fan de brân oan De Kelders yn Ljouwert, is noch lang net dúdlik. Dat seit syn advokaat Piet Sipma. Undersyk sil útwize moatte oft syn kliïnt in straf oplein kriget. Sipma ferwachtet net dat dat de maksimale straf fan twa jier wêze sil.

De advokaat seit dat de 38-jierrige fertochte bot oandien is troch it omkommen fan it slachtoffer Idsart Otte. Neffens Sipma wurket de fertochte goed mei oan de ferhearen. Hy soe de plysje yn detail ferteld hawwe wat der bard is.

De advokaat seit mei klam dat de fertochte noch net skuldich befûn is. Wat krekt misgie mei de kachel en de fraach oft der minsken sliept hawwe soene yn de winkel, sille noch oan de oarder komme yn ferfolchferhearen. Moandeitemiddei sil de man opnij heard wurde. Sipma wol neat fertelle oer de identiteit fan de fertochte. Wol soe it gean om in ynwenner fan Fryslân..

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)