"Skuldhelpferliening by gemeenten kin better"

18 jun 2015 - 21:47

Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne op de goede wei mei de skuldhelpferliening, mar der kin noch wol wat oan ferbettere wurde. Dat docht bliken út ûndersyk fan de rekkenkeamer fan beide gemeenten. Yn Achtkarspelen wurdt in soad tiid oan de klanten jûn en dat fynt de rekkenkeamer posityf. Mar de gemeente leart de minsken noch te min om har sels te rêden.

Neffens wethâlder Gerda Postma komt dat troch in nije automatisearring. Hjirtroch koe de evaluaasje fan de skuldhelpferliening minder goed byholden wurde.

Tytsjerksteradiel wurket gear mei de Kredietbank Nederland en hat dêr in soad profyt fan. It is lykwols net altiten dúdlik hoefolle minsken holpen wurde en hoe heech oft har skuld is. Soks moat better, seit de rekkenkeamer.

Dy fynt dat beide gemeenten dúdlik op papier sette moatte wa't wannear wêr ferantwurdlik foar is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)