Skulden seefeartskoalle Skylge

29 jan 2002 - 00:00

By it ynternaat fan de seefeartskoalle op Skylge binne grutte skulden ûntstien. Dat komt om't it tal studinten de lêste tiid hurd weromrint. It finansjele tekoart wie ferline jier mear as 160.000 gûne. Dat docht bliken út de jiersifers fan de Stichting Zeevaartschoolbelangen.

PvdA-riedslid De Haan fan Skylge wol op syk nei in oplossing, sa as in hegere pensjonpriis of in minder strang belied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)