Skuldeasker siket kompromis

31 mrt 2006 - 17:28

Skuldeasker Jan Schuiteman seit dat hy wetter by de wyn dien hat yn de ûnderhannelings mei fuotbalklub Cambuur. De klub is him 500.000 euro skuldich. Schuiteman giet oant no ta net akkoart mei it foarstel om 20% fan de skuld te krijen. Wêr't er wol mei akkoart giet, wol er net sizze.

Sûnder in akkoart mei alle skuldeaskers stiet it rêdingsplan foar Cambuur op losse skroeven. Dan soe surseance fan betelling oanfrege wurde moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)