SKS wol earliker silerij

14 maaie 2001 - 00:00

Sûnt moandei binne alle 14 SKS-skûtsjes offisjeel opmetten. Yn Drylts wie De Poep (Langwar) as lêste oan bar. Mei de mjitrisseltaten wurdt bepaald hoefolle kante meter seil in skûtsje ha mei.

It mjitten moat soargje foar in earliker kompetysje. Fan elk skûtsje is djipgong, lingte en breedte fêstlein. Tal fan skûtsjes moasten nei de mjittings har seiloerflak oanpasse.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)